Chance Vought A-7 Corsair

In A-7E marineferzje fan de USS Kitty Hawk, 1981
Tastel fan de Portugeeske loftmacht
A-7 Corsair II
Chance Vought A-7E Corsair II
Cockpit

De Chance Vought A-7 Corsair II is in lichte oanfalsjager dy't fanôf in fleandeskip operearje kin. De A-7 wie it earste tastel dat tarisd wie mei in head up display (HUD), in inertial navigation system (INS) en in turbofanmotor. De A-7 tsjinne by de US Navy as ferfanger foar de A-4 Skyhawk, mar it USMC hie foarkar foar de McDonnell Douglas AV-8, de Amerikaanske ferzje fan de Hawker Siddeley Harrier.

De earste flecht wie yn septimber 1965 en it tastel waard operasjoneel yn febrewaris 1967. Fanwege it foarkommen fan de A-7 Corsair II waard it rillegau troch de fleanders oantsjut mei de skelnamme Sluf (Short Little Ugly Fucker). De A-7 liket in protte op de Chance Vought F-8 Crusader, mar is in folslein oare fleanmasine.

Fan 1985 ôf waard it tastel yn fazen by de USN ferfongen troch de nijere F/A-18 Hornet. By de lêste operasjonele ienheden waarden de A-7’s ferfongen nei de Golfkriich yn 1990. Wilens waarden de ôfskafte tastellen ferkocht oan de loftmachten fan Grikelân (60 stik), Portugal (50) en Tailân (112).

De Air National Guard fleach lykwols mei A-7’s oant 1993. Dêrnei waard in part fan de oerbleaune tastellen bewarre en opslein. It oarepart waard sloopt. Der binne totaal 1.569 stiks fan makke.


Developed by StudentB